• 1.jpg
  • 2.jpg
  • 4.jpg
  • 5.jpg
  • 6.jpg
  • 7.jpg
  • 8.jpg

wapen Wier.png

 

De volgende tekst is in het Fries geschreven. De Nederlandse vertaling vindt u onderaan de pagina.

 

Wapen en flagge fan Wier
 

Yn it jier 1192 stichte Skelte Lauta yn Wier Lautastate. De man wie haadling en hy mocht rjocht sprekke. De man wie Rooms en boude hjir ek de tsjerke en de pastory foar de pastoar.
Tsjinoer de preekstoel wiene de oerkape banken foar de hearen van Lauta.Troch it folk in bytsje ûnearbiedich moskeflap neamd.

Yn 1256 hat de Lautafamylje der mei foar soarge dat kleaster Anjum by Berltsum stichte waard. Se ha grutte stikken lân skonken oan dat kleaster, yn de ferûnderstelling dat de missen dy’t dêrom foar har lêzen waarden, har helpe soene yn it hjirneimels. Frede foar de siel yn alle ivichheid.

In lettere Skelte Lauta docht yn 1416 mei oan de Krústochten. En dan is der foar it earst sprake fan in wapen. De findeldrager rint mei it findel, dêr’t it wapen fan dizze famylje op stiet, foarop. Sa wit elk dy’t mei giet, wat syn eigen findel/wapen is dêr’t er by heart en folgje moat.

Fia de Fryske Ried foar Heraldyk komt it prachtige wapen fan Lauta boppe wetter. It is in grut blau fjild mei ien grutte giele liuw.
It blauwe fjild stiet foar de himel of miskien ek wol de see.  De grutte liuw, kening fan de dieren, stiet symboal foar de liuw fan Jericho en dat is Jezus. Dat slút presys oan by de Krústochten.

De Fryske Rie foar Heraldyk freget at it doarp ek niget hat oan in eigen doarpsflagge en wapen en fertelt dat se ek flaggen ûntwerpe. At bliken docht dat it ûntwerp fergees is, is Wier gau út de rie. De Fryske Rie foar Heraldyk ûntwerpt spesjaal foar Wier: It doarpswapen.
Dat toant in blauwe achtergrûn, krekt as it âlde wapen fan Lauta mei in griene terp of wier. Yn it grien kin men de greiden werom fine. De twa weetieren, steane foar de lânbou en de liuwekop hâldt de herinnering libben oan it âlde geslacht Lauta.
De doarpsflagge hâldt deselde kleuren grien, giel en blau yn horizontale linen en de liuwekop fan Lauta.
 
Simy Sevenster

 

Vlag 1.JPG

 

Wil je ook een vlag van Wier in je bezit hebben? Stuur dan een mailtje naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.onder vermelding van "Wierstervlag". De kosten bedragen € 35,00. Er zijn ook stickers verkrijgbaar met het wapen van Wier voor € 1,00 per stuk, leuk voor achterop de auto!

 

 

Nederlandse vertaling:


Wapen en vlag van Wier

In het jaar 1192 stichtte Schelte Lauta yn Wier Lautastate. Hij was ouderling en mocht recht spreken. Hij was Rooms Katholiek en bouwde hier de kerk en de pastorie voor de pastoor.
Tegenover de preekstoel stonden overkapte banken voor de heren van Lauta. Door het volk een beetje oneerbiedig mussenflapper genoemd.

In 1256 heeft de familie Lauta er mede voor gezorgd dat klooster Anjum bij Berlikum werd gesticht. Ze hebben grote stukken land aan het klooster geschonken, in de veronderstelling dat de missen die daarom voor hun werden gehouden, zouden helpen in het hiernamaals. Vrede voor de ziel in alle eeuwigheid.

Een latere Schelte Lauta doet in 1416 mee aan de kruistochten. En dan is er voor het eerst sprake van een wapen. De vaandeldrager loopt met het vaandel, waar een wapen van deze familie op staat, voorop. Zo weet iedereen die mee gaat, wat zijn eigen vaandel/wapen is waar hij bij hoort en moet volgen.

Via de Fryske Ried foar Heraldyk komt het prachtige wapen van Lauta boven water. Het is een groot blauw veld met een grote gele leeuw.
Het blauwe veld staat voor de hemel of misschien ook wel de zee. De grote leeuw, koning van de dieren, staat symbool voor de leeuw van Jericho en dat is Jezus. Dat sluit precies aan bij de kruistochten.

De Fryske Ried foar Heraldyk vraagt of het dorp ook behoefte heeft aan een eigen dorpsvlag en wapen en vertelt dat ze ook vlaggen ontwerpen. Als blijkt dat het ontwerp gratis is, is Wier er als de kippen bij. De Fryske Ried foar Heraldyk ontwerpt speciaal voor Wier: Het dorpswapen.
Dat toont een blauwe achtergrond, net zoals het oude wapen van Lauta met een groene terp of wier. In het groen kan men de weilanden terug vinden. De twee korenaren, staan voor de landbouw en de leeuwenkop houdt de herinnering aan het oude geslacht Lauta levend.
De dorpsvlag houdt dezelfde kleuren groen, geel en blauw in horizontale lijnen en de leeuwenkop van Lauta.

Simy Sevenster

 

Binnenkort:

zo 25 juni, 15:00 uur
Cleo en Lex - Muziektheater


za 01 juli, 13:30 uur
Tsjerkepaad


 

 

 

 

 

 

wapen Wier.png

 

Bedankt voor uw bezoek aan onze website,

en oant sjen yn Wier!